Koart sportnijs

© Omrop Fryslân
De wrâldkampioenskippen sprint wurde yn 2006 ferriden yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat hat it ynternasjonale reedridersbûn, de ISU, bekend makke. It EK allround fan datselde jier wurde yn Hamar yn Noorwegen hâlden. Yn de jierren dêrfoar binne se hieltyd yn Thialf.
John de Jong spilet kommend seizoen net mear foar SC Hearrenfean. Hy giet werom nei PSV. De oanfallend middenfjilder foldie goed, hy makke 9 goals.