Gearwurking Paques en Veolia

05 jun 2003 - 00:00

It bedriuw Paques yn Balk sil gearwurkje mei it bedriuw Veolia Water Systems. Dat is ien fan de grutste bedriuwen op it mêd fan wetterbehanneling. Der wurkje mear as 6000 minsken, by Paques 200.

Veolia sil de suveringssystemen fan Paques ferkeapje yn in grut part fan Europa. Neffens direkteur Nes fan Paques kin hjirtroch de omset yn dy systemen ferdûbele wurde en hat dat goede gefolgen foar de wurkgelegenheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)