Lauwersmar-mars

© Omrop Fryslân
Tongersdeitemoarn betiid binne 250 kuierders út ein set mei de Lauwersmar-mars. In meunsterkuiertocht fan 65 kilometer dy't begjint en einigt yn Zoutkamp en troch de kop fan Grinslân en Fryslân rint.
De kuierders oernachtsje yn de Nassaukazerne yn Zoutkamp. Dielnimmers komme út it hiele lân en der dogge ek in soad militêren mei. Om 13.00 oere kamen de earsten oer de einstreek.