Europeeske subsydzje foar Oerol

05 jun 2003 - 00:00

It Oerolfestival kriget tegearre mei oare bûtenlânske festivals in Europeeske subsydzje fan 900.000 euro. Njonken Oerol krije simmerfestivals út Ingelân, Frankryk en België foar trije jier it jildbedrach.

Dat bedrach moat brûkt wurde foar it ûntwikkeljen fan nije ideëen en it opsetten fan ko-produksjes. Nije wike freed begjint it 22e Oerolfestival op Skylge. Dit jier is fanwege it budzjet keazen foar mear lytsskalige produksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)