Online bestelle yn restaurant

© Omrop Fryslân
Yn it Hajé Restaurant op it Hearrenfean kin fan nije wike ôf iten besteld wurde fia de kompjûter. It Feanster motel hat dêrmei de lanlike primeur.
Op in byldskerm op tafel kinne klanten in kar meitsje út it menu. De bestelling wurdt mei ien druk op 'e knop nei de keuken ferstjoerd. Dêrnei bringt de ober it bestelde iten of drinken. It is de bedoeling dat oare Hajérestaurants ek oergean op de nije bestelwize.