Hegere ozb yn Tytsjerksteradiel

04 jun 2003 - 00:00

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel moatte fan folgjend jier ôf mear belesting betelje. De Onroerend Zaak Belasting (OZB) giet mei hast tweintich prosint omheech. De gemeente hat jild nedich om't der minder fan it Ryk komt.

De gemeente besuniget op muzykûnderwiis en it ûnderhâld fan elzesingels en it swimbad yn Burgum is minder faak iepen. Tytsjerksteradiel wol de ekstra ynkomsten út de belestingen brûke foar nije wenplannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)