Mear wurk foar Kooijengagroep

© Omrop Fryslân
De wurkgelegenheid by de Kooijengagroep yn Dokkum nimt dit jier ta fan 315 nei 400 wurknimmers. Sosjale tsjinsten ha it drok mei it ynskriuwen fan wurkleazen en dêrom hiere se ekstra minsken by it detasjearringsbedriuw.
It bedriuw wol it haadkantoar yn Dokkum útwreidzje mar dat kin foarearst net. Op it stik grûn dat kocht is mei net boud wurde. It bedriuw tinkt deroer in part fan de aktiviteiten te konsintearjen op It Hearrenfean.