Sulverkobben bestride op Griend

© Omrop Fryslân
Natuurmonumenten wol op it eilân Griend, tusken Harns en Skylge, de sulverkobben bestride. Dizze seefûgel foarmet in bedriging foar grutte stirns, fiskjedieven en noardske stirns.
Op it eilandsje sitte 10.000 pear grutte stirns. It is de iennichste populaasje yn Nederlân en dy rint gefaar as de sulverkobben har gong gean kinne. Natuurmonumenten hat by de provinsje in fergunning oanfrege om sulverkobben ôf te meitsjen.