Boartsjende bern op strjitte
Op in protte plakken yn Fryslân is woansdei de 'Nationale Straatspeeldag' hâlden. De strjitte, oars it domein fan auto's, wie even it eigendom fan boartsjende bern.
De dei hat as doel om minsken te wizen op ûnfeilige ferkearssituaasjes foar bern. Lanlik sjoen komme der alle jierren sa'n fyftich lytse bern om yn it ferkear.