Pleit foar keazen boargemaster

© Omrop Fryslân
Om affêres sa as dy mei Loekie van Maaren foar te kommen, moat der in keazen boargemaster komme. Dêrfoar pleitsje boargemaster Wallage fan Grins en âld-minister fan binnenlânske saken Bram Peper. Sy diene dat by de presintaasje fan it boek fan Van Maaren.
It soe de earste boargers faak ûntbrekke oan dúdlikens oer har posysje tsjinoer de ried, de boargers en de wethâlders. Keazen boargemasters soene har wol goed profilearje kinne.