Wijsman traint yn Salt Lake City

© Omrop Fryslân
Reedrydster Marieke Wijsman fan It Hearrenfean traint de kommende moannen mei de Amerikaanse kearnploech yn Salt Lake City. Ald-sterkste-man Tjalling van den Bosch fan Achlum, de trainer en fertrouwenspersoan fan Wijsman, sil yn Amearika as krachttrainer oan de slach.
Wijsman en Van den Bosch krije gjin salaris, mar wol fergees ûnderdak, iten en drinken en in auto. Der is stifting oprjochte om jild, sawat 60.000 euro te sammeljen foar de rest fan it seizoen.