Boek Van Maaren fol ferwiten

03 jun 2003 - 00:00

Ald-boargemaster Van Maaren ferwyt Kommissaris Nijpels dat hy har net stipe hat, doe't de wethâlders har fuort ha woene. Yn har boek 'Hoezo burgemeester' skriuwt se dat Nijpels har falle litten hat. Alle feiten oer har twongen fuortgean binne fan woansdei ôf foar elkenien te lêzen.

Yn har boek is ek in soad omtinken foar de bestjoerskultuer yn Ljouwert. Benammen har eigen partij de PvdA soe arrogant wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)