FEC-Citybus djoerder

03 jun 2003 - 00:00

In kaartsje foar de FEC-Citybus yn Ljouwert wurdt djoerder. De bus bringt it winkelpublyk fan it parkearterrein by it FEC nei de binnestêd. Yn earste ynstânsje wie de rit fergees, mar sûnt febrewaris dit jier kostet it 1 euro. Dy priis giet mei yngong fan 1 july omheech nei 1 euro 50. De gemeente tinkt der ek oer om jild te freegjen foar it parkearen fan de auto op it FEC-terrein. Mei it parkearticket is de citybus dan wol fergees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)