Gjin skeafergoeding wyk Aldlân

03 jun 2003 - 00:00

Alve bewenners fan de wyk Aldlân yn Ljouwert krije gjin skeafergoeding fan de gemeente. Harren huzen soene minder wurdich wurden wêze troch de nijbou yn Goutum-Noard. Se sjogge oer it Harinxmakanaal út op 'e nije wenten.

In advyskommisje fan 'e gemeente joech de bewenners earst gelyk. Mar de gemeente lei de skeaclaim foar oan in saakkundige en dy wiisde it ôf. Reden is dat de bewenners witte kinnen hiene dat Goutum útwreide wurde soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)