Van Maaren miste stipe

© Omrop Fryslân
De bestjoerskrisis yn Ljouwert lei net oan de boargemaster. Dat sei Loekie van Maaren, âld-boargemaster, moandei yn it televyzjeprogram NOVA. Se prate oer it boek dat se oer de affêre skreaun hat. Neffens Van Maaren krige se as boargemaster amper stipe, foaral help fan de gemeentesekretaris miste se.
Van Maaren fynt net dat se te licht wie foar de taak, sa't oaren seinen. Har boek 'Hoezo burgemeester' komt woansdei út mar is no al folop yn 't nijs.