Deadlik ûngelok op N381

03 jun 2003 - 00:00

In frou (59) út Beilen is moandei omkommen by in ûngelok op de N381 tusken Drachten en Wynjewâld. Se rekke mei de auto troch ûnbekende oarsaak op de linkerhelte fan de dyk en botste frontaal op temjittekommende frachtwein.

De frou kaam yn de sleat telâne en is op it plak sels oan har ferwûningen ferstoarn. De frachtweinsjauffeur (33) út Wolvegea rekke net ferwûne. De plysje ûndersiket de oarsaak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)