Nije oanpak draaidoarkriminelen

03 jun 2003 - 00:00

Plysje, justysje en de gemeente Ljouwert starte in spesjaal projekt om 'draaidoarkriminelen' oan te pakken. Dat binne minsken dy't mear as tsien kear mei plysje of justysje yn oanrekking west hawwe. Yn Fryslân binne likernôch 500 fan sokke kriminelen. Fan harren hâlde 160 ta yn Ljouwert.

Besocht wurdt no de minsken fan de strjitte te hâlden en soarch te bieden. It projekt wurdt it kommend jier yn 'e praktyk brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)