Ten Hoeve dochs yn Senaat

© Omrop Fryslân
Hindrik ten Hoeve (FNP) komt dochs foar de Onafhankelijke Senaatsfractie yn 'e Earste Keamer. De provinsje Noard- Hollân hat tajûn in flater makke te hawwen by it trochjaan fan 'e útslaggen fan 'e ferkiezings. Dat hat in wurdfierder fan Provinsjale Steaten moandei bekendmakke.
Ten Hoeve komt yn 't plak fan Zinken dy't earst yn 'e Senaat soe. De Provinsjale Steateleden keazen ferline wike de leden fan 'e Earste Keamer.