Fjochtpartij yn Achlum

02 jun 2003 - 00:00

De plysje ûndersiket in fjochtpartij dy't sneintemiddei plakfûn yn Achlum. In Achlumer (65) seach dat twa manlju fierstente hurd troch de feart foeren. De man helle in fototastel en woe in foto meitsje. Ien fan de skippers waard lulk en besocht it tastel ôf te pakken.

Doe't dat net slagge, waard de Achlumer yn it wetter goaid. De skipper besocht doe foar te kommen dat de man wer út de feart klom. Twa opfarjenden hawwe it slachtoffer holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)