Gemeente lit slutingstiden frij

© Omrop Fryslân
Hoareka-ûndernimmers yn Tytjerksteradiel meie tenei sels bepale hoe let se har saak ticht dogge. De fêste slutingstiden ferdwine dêrmei. Dat is alteast it foarstel fan boargemaster en wethâlders.
Hjerst 2001 hat de gemeenteried sein dat der op 'e nij sjoen wurde moast nei de regels op it mêd fan hoareka, alkoholgebrûk en feilichheid. Boargemaster en wethâlders ha no in tal foarstellen dien.