Tiisdei krusiaal Harkemase Boys

02 jun 2003 - 00:00

Wint Harkemase Boys tiisdei mei twa goals ferskil fan Huizen yn de neikompetysje fan sneonsamateurs, dan kin elk him opmeitsje foar in spesjaal slot: penaltys tusken 3 ploegen: Harkemase Boys, Huizen en Quick Boys.

Alle ploegen komme dan op likefolle punten, wylst ek it doelsaldo gelyk is. Hoewol't de Boys de penaltys nei de wedstriden glânsryk wûnen, pakt sa'n útkomst dochs negatyf foar har út, om't by 1 wedstriid de seary net ôfmakke is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)