Harns past parkeartariven oan
De gemeente Harns past de kommende dagen de parkeartariven yn de stêd oan. Wichtichste reden is dat aanst mei rûne bedraggen foar rûne tiden betelle wurde kin. Troch de ynfiering fan de euro wie dat net mear it gefal.
De tariven geane neffens de gemeente yn de measte gefallen mar in bytsje omheech. Ek de parkeartiden wurde oanpast. Yn de measte strjitten yn Harns mei tenei twa of trije oeren parkeard wurde.