Pieter Weening wint yn België

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema hat snein de Ronde fan Belgysk Limburch wûn. Nei de winst yn de twadde etappe, ôfrûne sneon, en in bêste tiidrit op sneintemoarn, kaam de oerwinning fan Pieter yn de lêste etappe net mear yn gefaar.
De regearend Nederlânsk kampioen by de beloften hie yn de einstân 2 minuten en 24 tellen foarsprong op de Belch Frederik Veuchelen. Jukka Vastaranta, ploechmaat fan Pieter, waard tredde.