Van Tuinen en dy winne Dronryp

© Omrop Fryslân
It haadklassekeatsen yn Dronryp is snein wûn troch Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar. Se wiene yn de finale Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra de baas, mei 5-3, 6-2.
Smaakmakkers yn Dronryp wie it partoer Pieter Bakker, Peter Dijkstra en André Ydema. Dit earste-klasse-partoer helle de heale finale en hast ek noch de finale. Uteinlik wie in tredde plak har diel.