Gjin beker foar Harkemase Boys

01 jun 2003 - 00:00

It is Harkemase Boys net slagge de noardlike beker yn it amateurfuotbal te winnen. De wedstriid tsjin Genemuiden gie sneontejûn mei 2-4 ferlern. Harkemase Boys naam noch wol de lieding fia Alberda, mar koe yn de ferlinging dy't nei de 2-2 nedich wie, gjin fûst mear meitsje.

Tiisdei ha de Boys noch altiten kâns op de lânstitel by de sneonsamateurs. Dan moat der thús wûn wurde fan Huizen, mei trije goals ferskil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)