Protest tsjin glêstúnbou

01 jun 2003 - 00:00

Sa'n trijehûndert minsken ha protestearre tsjin de komst fan grutskalige glêstúnbou op it Bilt. Se diene mei oan in aksje fan de Biltse rekreaasje-ûndernimmers.

De provinsje siket yn fjouwer gemeenten nei in lokaasje foar nije kassen. De ûndernimmers wolle net dat de kassen op it Bilt komme en pleatsten in bon yn de Fryske kranten. De trijehûndert ynfolde bonnen fan sympatisanten binne trochstjoerd nei de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)