'Utlotte foar Popakademy'

© Omrop Fryslân
Twa op de trije studinten oan 'e nije popakademy yn Ljouwert wurde wegere. Dat kin net oars, om't de ôfdieling foar muzikant tefolle oanmeldings hat. De ôfdieling Foarmjouwing, foar it meitsjen fan dekôrs en fideoklips, hat noch wol romte foar kandidaten.
Ien en oar die sneon bliken op de earste ynformaasjegearkomste. De popakademy set yn septimber út ein yn it Fryslânhûs yn Ljouwert. Der is plak foar fyftich studenten.