Dweilorkesten yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Under de namme Ben Je Betoeterd stie Boalsert sneon de hiele dei yn it teken fan 'e dweilorkesten. Dêr wie it iepen Nederlânsk Kampioenskip foar Dweilorkesten. Acht 'hoempapabands' dongen nei in earste plak, op trije lokaasjes yn it sintrum fan 'e stêd.
It is de earste kear dat in iepen NK dweilorkestmuzyk hâlden wurdt. In desibelmjitter stelt fêst foar hokker orkest it publyk it hurdste klapt.