ONS net nei haadklasse

© Omrop Fryslân
De fuotballers fan ONS hawwe sneon de beslissingswedstriid foar promoasje nei de haadklasse ferlern. It waard yn en tsjin Kampen 2-1 foar Kampen. De manlju fan trainer Marcel Valk komme dus takom seizoen opnij út yn 'e earste klasse.
Der wie ek noch goed nijs foar ONS Snits. Robert Herder sil takom seizoen ek wer opnij foar de Snitser ploech útkomme.