Mei lege beurs nei Rypster feest

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan it Dronrypster doarpsfeest ferwachtet problemen om't de iennige jildautomaat yn it doarp it net docht. Hieltyd minder feestgongers komme mei kontant jild nei it feest, omdat se tinke dat se earst noch wol efkes jild pinne kinne.
De feestkommisje hat de Fortisbank frege de steuring te ferhelpen, mar dat slagget net yn it wykein. It feest lûkt tûzenen minsken, ek fan oare doarpen. Benammen jûns yn 'e tinte is it drok.