Fjouwer ferwûnen op N354

31 maaie 2003 - 00:00

Twa folwoeksenen en twa bern út Menaam binne sneon ferwûne rekke by in auto-ûngemak tusken Dearsum en Snits. Se sieten yn in persoane-auto dy't by de ôfslach Sybrandabuorren yn botsing kaam mei in molkwein.

De slachtoffers rekken troch de oanriding beknipe en moasten troch de brânwacht út de auto weihelle wurde. Se binne oerbrocht nei sikehuzen yn Ljouwert en Snits. De auto wie folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)