Regels beamkappe oanskerpe

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Kollumerlan dy't in beam kappe wolle, moatte tenei better rekken hâlde mei fûgels en oare beskerme bisten. It kolleezje fan B & W hat besletten dat de kapfergunning dêrfoar oanpast wurdt.
Yn de nije fergunning stiet dat by sokke wurksumheden rekken hâlden wurde moat mei de flora- en faunawet. Beskerme bisten meie net steurd wurde en nêsten fan fûgels meie net fernield wurde.