Alkoholkontrôle op it wetter

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed op de Hegermar de earste grutte alkoholkontrôle fan dit wetterseizoen hâlden. Der waarden fjouwer plysjeboaten en alve aginten ynset. Twa minsken krigen in bekeuring.
Alkoholgebrûk op it wetter kin ûngelokken en oerlêst feroarsaakje. Dêrom wol de plysje yn Fryslân ekstra lette op drankmisbrûk. Der folgje dit jier noch trije grutte alkoholkontrôles op it wetter.