Drokte op kampings en yn hotels

31 maaie 2003 - 00:00

It is dit wykein smoardrok op kampings, yn hotels en oare hoarekagelegenheden. Praktysk alle hotels binne mei de Himelfeart folslein folboekt. Op in soad Fryske kampings steane ek de fjilden foar tinten en karavans hielendal fol.

Bûtenlânske gasten komme benammen út Dútslân. Neffens guon hoareka-ûndernimmers is har oandiel wer wat grutter as oare jierren. Troch it goede waar is it ek drok op de strannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)