Skûtsjeseizoen iepene

© Omrop Fryslân
De grutste platboaiemsilerij fan Nederlân is op de Iselmar by De Lemmer fan start gien. Dêrmei is it skûtsjeseizoen iepene. De hiele SKS-float, mar ek in soad IFKS-skûtsjes sile trije dagen op de mar.
Njonken skûtsjes dogge der ek Lemster aken mei oan dizze wedstriid. Lemmer Ahoy is op Himelfeartsdei begûn. Doe wûn De Jouwer by de skûtsjes en Lemmer 47 by de aken. Sneon is ek noch in wedstriiddei.