Harkemase Boys: dochs mei publyk

© Omrop Fryslân
De fuotbalwedstriid Harkemase Boys - Huizen foar de neikompetysje mei takom wike tiisdei dochs mei publyk spile wurde. De tuchtkommisje hat dat bekendmakke. Earst moast it sûnder publyk om't in eardere wedstriid tsjin Quick Boys út Katwyk út de hân rûn wie.
De jildboete fan 2000 euro is noch net fan de baan. De tuchtkommisje moat dy saak op 'e nij behannelje, want de Harkemase Boys binne yn berop gien tsjin de jildstraf.