Lemster strân noch net klear

30 maaie 2003 - 00:00

It Lemster strân moat foar de boufak hielendal klear wêze. Ferline jier binne de wurksumheden oan de dyk begûn. Op it stuit wurdt der sân opspuite. Op guon plakken leit gefaarlik driuwsân.

Wethâlder Wesselius fan Lemsterlân seit dat der noch sa'n fjouwer wiken nedich binne om alles ôf te meitsjen. Hy fynt it wol spitich dat it no, mei it moaie waar, net hielendal klear is. Troch beswierprosedueres duorret de oerlêst langer as ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)