Noppert yn trijen fierder

30 maaie 2003 - 00:00

It fallite leanbedriuw Noppert fan Skarsterbrêge wurdt yn trije ûnderdielen splitst en fierder ferkocht. Dêrby giet it om in lânbou-, transport- en bouôfdieling. It grutste part fan de 106 wurknimmers giet mei.

Neffens kurator Brink is der gjin kâns op in trochstart fan it hiele bedriuw, ûnder oare om't de oanstjoering dêrfan ûnder de maat wie. Der wurdt ek in aktiviteit ôfstjitten: in kontenertransport yn Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)