Valkema earste op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
Wybe Valkema fan 'e Jouwer is tongersdei earste wurden by it iepen Nederlânsk kampioenskip gersbaanraces 125 cc. Dat wie yn syn eigen wenplak. De Jouster waard boppedat twadde yn 'e ynternasjonale klasse fan 'e Putoline-Shorttrack, achter Oege de Jong út Steggerda.
By de sydspanraces wie ek in Frysk súkses: de Wolvegeaster Tjeerd Hoekstra waard mei bakkenist Henk Auwema út Annen twadde.