Amper útfal Kuieralvestêdetocht

© Omrop Fryslân
De 57e Kuieralvestêdetocht hat amper te krijen mei útfallers. Tiisdei binne goed sânhûndert minsken út ein set mei de tocht. Sneon is de lêste etappe nei Ljouwert.
Alhoewol't it tal útfallers neffens de organisaasje leech is, hawwe wol in soad minsken troch it waarme waar lêst fan blierren. Freed kinne ek minsken foar ien dei meirinne. Dy etappe giet fan Frjentsjer nei Dokkum. Alvehûndert deirinners dogge mei oan dizze tocht.