Deadlik ûngelok by Ryptsjerk

© Omrop Fryslân
It 11-jierrige famke út Hurdegaryp dat tongersdei slim ferwûne rekke by Ryptsjerk is ferstoarn. Se waard oanriden op 'e krusing fan de Wester- en de Breedyk, doe't se tegearre mei in freondintsje oerstekke woe.
It oare famke stie krekt op 'e tiid stil, mar it slachtoffer ried troch. In 39-jierrige automobilist út Burgum koe har net mear ûntwike. It famke is mei de traumahelikopter nei it AZG yn Grins brocht en dêr letter ferstoarn.