Wol ûntslaggen Rykswettersteat?

© Omrop Fryslân
De direksje fan Rykswettersteat Noard- Nederlân hâldt fêst oan plannen om de organisaasje mooglik de helte lytser te meitsjen. Fan 'e 600 minsken wurket de helte yn Fryslân.
Yn april ûntstie opskuor oer de konsept-takomstnotysje. Yn de definitive ferzje stiet it no allegearre wat minder skerp. Dochs is ynhâldlik neat feroare, seit direkteur Hoogland fan Rykswettersteat Noard-Nederlân.