'Flaters oerheid by ATF-brân'

30 maaie 2003 - 00:00

De oerheid hat foarôfgeand oan de ATF-brân grutte flaters makke. Benammen by it kontrolearjen en hanthavenjen fan de brânfeiligens is it misgongen. Dat stiet yn in geheim rapport fan de miljeuresjerzje dat freed foar it ljocht kaam is.

It giet om in rapport út 2001, dat skreaun is nei oanlieding fan de grutte brân by ATF yn Drachten in jier earder. Justysje makke dizze wike bekend dat 3 ATF-wurknimmers ferfolge wurde sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)