Drokte by blommemerk

29 maaie 2003 - 00:00

Himelfeartsdei, dat betsjut alle jierren yn Ljouwert blommemerk. Tongersdei kamen der sa'n tachtichtûzen minsken út it hiele lân wei op de grutste noardlike blommemerk ôf.

Under in strielende sinne giene fan achte oere ôf de besikers by de twahûndert kreammen lâns. Om fansels mei tassen fol blommen en planten wer thús te kommen, it leafst nei ûnderhannelings oer in skerpe priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)