Beursbrêge wer twa rjochtingen

© Omrop Fryslân
De beursbrêge yn Ljouwert giet wer iepen foar auto's yn beide rjochtingen. De gemeente hat dat besletten om't de earste kanaalsbrêge definityf net wer iepen giet foar autoferkear.
Der binne sûnt de werynrjochting in soad klachten oer de minne berikberens fan it easten fan de Ljouwerter binnenstêd. De beursbrêge moat no hielendal op 'e nij ynrjochte wurde. Foar de simmer komt der earst in tydlike oplossing.