Harten moatte dunen rêde

29 maaie 2003 - 00:00

It reahart (edelhert) moat útset wurde op Skylge om de kwaliteit fan de dunen te ferbetterjen. Dat is ien fan de konklúzjes fan in sympoasium oer de takomst fan it dúnbehear op it eilân.

It giet min mei de Skylger dunen. De gebieten binne slim oant it ferâlderjen en der is hieltyd minder fariaasje yn de biste- en plantesoarten yn dunen en kwelders. Grutte grazers as it reahart kinne der foar soargje dat der mear fariaasje komt yn it gebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)