Minder Alvestêdetochten?

29 maaie 2003 - 00:00

Min nijs foar reedriders. Want neffens it KNMI komt der de kommende jierren net faak mear in Alvestêdetocht. Dat stiet yn in rapport oer de tastân fan it klimaat yn Nederlân.

It waarynstitút ferwachtet dat de temperatuer de kommende jierren in pear graden omheech giet. It iis soe de kommende ieu net faker as tsien kear dik genôch wêze foar in tocht. De ôfrûne ieu wiene der 38 winters dat it iis dik genôch wie foar lange tochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)