Biblioteek Ljouwert werynrjochte

© Omrop Fryslân
De biblioteek yn de Beurs yn Ljouwert is fernijd. Foar twa ton is er renovearre en feroare yn in multymediahûs. Dêrmei foldocht de biblioteek oan de winsken fan de hjoeddeistige lêzer, want dy komt net allinnich mear foar boeken.
It is no bygelyks ek mooglik om in útsmiter yn de biblioteek te iten. De Ljouwerter biblioteek bestiet dit jier 100 jier. Mei 650.000 besikers is it it drokst besochte gebou fan Fryslân.