Finansjeel foardiel foar Fryslân

© Omrop Fryslân
It nije regearakkoard fan it nije kabinet leveret in ûnferwacht finansjeel foardiel op foar de provinsje Fryslân. Yn stee fan it ferwachte tekoart fan 6 miljoen euro, sil de provinsje no yn 2007 in lyts oerskot fan 0,9 miljoen euro hawwe.
Dat komt omdat it nije kabinet lanlik sjoen, yn stee fan 100 miljoen, mar 32 miljoen koartsje sil op it provinsjefûns. Dat leveret Fryslân foardiel op.