Mienskiplike oefening definsje

28 maaie 2003 - 00:00

De loftmacht, de marine en de lânmacht hâlde de earste wike fan juny in mienskiplike oefening boppe de Marnewaard yn Fryslân en Grinslân. Dêrby sil leger flein wurde as gebrûklik.

De oefening hat de namme 'Basic Windmill' meikrigen. Der wurde op 3, 4 en 5 juny saneamde 'forward air controllers' fan de lânmacht traind. Dat binne militêren dy't fan de grûn ôf oanwizings jouwe oan fleaners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)